KNVB fynt finânsjes SC Hearrenfean opnij sûn

© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
De KNVB hat de jierrekken fan SC Hearrenfean opnij yndield yn kategory III. Dat betsjut dat de klup finansjeel stabyl is. It is foar de fjirde kear dat de klup dy beoardieling krijt. Ek de finansjele prognoaze foar dit seizoen falt neffens de KNVB yn kategory III.
SC Hearrenfean is bliid mei de beoardieling. Neffens finansjeel manager Danny Steenstra is der de ôfrûne jierren alles oan dien om de klup finansieel stabyl te krijen.