Frjentsjerteradiel wol 120.000 euro yn KH2018 stekke

28 jan 2016 - 16:02

Frjentsjerteradiel stelt 120.000 euro beskikber foar Kulturele Haadstêd 2018. It jild is bedoeld foar inisjativen yn de eigen gemeente. Frjentsjerteradiel tinkt dat Kulturele Haadstêd ek kânsen biedt foar de eigen gemeente op it mêd fan toerisme en rekreaasje.

Dêrby tinkt it kolleezje fan b. en w. oan de ferskate musea, de Koarnbeurs, de PC en it Planetarium. Ek binne ferskate projekten fan Kulturele Haadstêd, lykas Eleven Fountains, direkt mei Frjentsjer ferbûn. Yn febrewaris mei de gemeenteried him noch útsprekke oer de subsydzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)