Snorfytser slim ferwûne

17 apr 2012 - 09:41

In 54-jierrige snorfytser út Ljouwert is moandei by in oanriding yn syn wenplak slim ferwûne rekke. De man ried oer de Heliconwei en soe dêr oerstekke, mar in 38-jierrige autobestjoerder út Bitgummole seach him oer de holle.

Troch de oanriding foel de snorfytser. Hy rûn dêrby ferwûnings oan de holle op en is mei de traumahely nei it sikehûs fan Grins brocht.

Trefwurden: 
snorfytser
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)