Provinsje ree om Omrop Fryslân finansjeel te stypjen

28 jan 2016 - 15:39
  • Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân is ree om fan 2017 ôf alle jierren in 'struktureel en substansjeel' bedrach yn Omrop Fryslân te stekken. Dat skriuwt de provinsje yn in brief oan steatssekretaris Sander Dekker.

Dêrmei hopet de provinsje dat de Omrop as selstannige regionale stjoerder oerein bliuwe kin. De provinsje wol op koarte termyn yn petear mei Dekker om te sjen hoe't de selsstannichheid fan Omrop Fryslân fêstlein wurde kin.

Yn it brief skriuwe Deputearre Steaten dat Omrop Fryslân ûnmisber is foar de Friezen en dat de Omrop it bêst wurdearre wurdt fan alle regionale stjoerders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)