Selstraf easke foar brannen yn Fochtelerfean

It Fochtelerfean, de oare moarns nei de brân © ANP
Tsjin in man fan 70 jier út Smilde is in selstraf fan 30 moannen easke, omdat er fiif kear natuergebieten yn 'e brân stutsen hawwe soe. It giet dêrby ûnder oare om gebieten yn it Fochtelerfean en it Drints-Fryske Wâld. Troch de brannen ûntstie skea oan heide, beammen en strûken. Ek wiene bisten it slachtoffer, wêrûnder slangen.
De man soe de brannen oanstutsen hawwe om't er lilk wie oer in beslút fan de pachtkeamer. Dy hie yn 2010 syn pachtkontrakt mei Natuermonuminten ûntbûn.
De man koe ferline jier oanhâlden wurde troch ferklearringen fan tsjûgen en op grûn fan spoare-ûndersyk. Fan de tritich moannen selstraf is de helte op betingst. As er binnen trije jier wer de fout yn giet, moat er fyftjin moanne de finzenis yn.