Iepening Sintrale As is generale repetysje foar KH2018

28 jan 2016 - 14:53

De iepening fan de Sintrale As wurdt de generale repetysje foar Kulturele Haadstêd 2018. Dat sei deputearre Poepjes tongersdei by de presintaasje fan de plannen foar de iepening.

In moanne lang binne der tal fan aktiviteiten op en om de nije dyk yn Noardeast-Fryslân. Sa wurdt der in iepenloftspul opfierd yn it nije akwadukt ûnder it Prinses Magrietkanaal, komt der in bradery fan in pear kilometer lang en sil der in heale marathon hâlden wurde.

Al dizze aktiviteiten binne betocht troch de ferskate ferienings en organisaasjes yn de doarpen om de Sintrale As hinne. Dêrmei liket de opset op dy fan Kulturele Haadstêd, sei deputearre Poepjes. De festiviteiten betjutte wol dat de dyk sa no en dan ticht wêze sil foarit it ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)