Friese Koers: mear jild Omrop

© Omrop Fryslân
De ienmansfraksje yn provinsjale steaten Friese Koers wol dat der mear jild komt foar Omrop Fryslân. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra moat der just no ekstra ynvestearre wurde yn de Omrop, as krêftich sinjaal rjochting polityk Den Haach. De Twadde Keamer beslút yn juny as Omrop Fryslân yn it nije omropbestel selsstannich bliuwe kin.
Mei it ekstra jild kin de Omrop neffens de fraksje fan Friese Koers mear omtinken jaan oan bygelyks it skûtsjesilen en it Oerolfestival. Friese Koers tinkt oan in bedrach fan 5 ton.