It Fryske Gea wol hiele Waadkust foarút helpe

28 jan 2016 - 12:23

It Fryske Gea hat in nij idee presintearre om de hiele Waadkust te helpen en net inkeld de natuer. Sa wolle se boeren tastean om achterdyk te eksperimintearjen mei de ferbou fan sâltige gewaaksen. Fierders wolle se kânsen pakke op it mêd fan keunst, kultuer en rekreaasje. Dat stiet yn de nota Zilte Vitaliteit.

De natuerbehearder wol gearwurkje om problemen lykas krimp, fersâlting fan lânbougrûn en de heger wurdende seespegel op te lossen. It Fryske Gea hat fierwei it grutste part fan it bûtendyks lân oan de Waadkust yn behear.

De natuer mei net te lijen hawwe fan de proeffjildsjes achterdyk en de oare plannen. It Fryske Gea wol mei de nije plannen ferantwurdlikheid nimme foar mear as de natuer allinnich oan de Waadkust. Earder sette it Gea ek al yn op it behear fan belangrike kultuerhistoaryske eleminten, lykas de Slachtedyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)