Better Wetter makket laminaat út tuorrebouten mooglik

28 jan 2016 - 11:52

Laminaat út tuorrebouten en nije foarmen fan fiskerij. Dat binne twa foarbylden fan mooglikheden út it plan Better Wetter dat tongersdei ûndertekene is troch ferskate Fryske organisaasjes, skoallen en oerheden. It plan moat soargje foar in bettere wetteropfang yn perioaden fan wetteroerlêst yn kombinaasje mei nije lânboufoarmen yn Noardeast-Fryslân.

Fryslân hat te krijen mei te min boezemromte en ynklinking fan de feanlaach. Dat kin swierrichheden opsmite lykas oerstreamingen en oantaasting fan de lânbou.

It plan Better Wetter slút by oan de provinsjale wetterfyzje. It is betocht troch ekologysk bedriuw Altenburg en Wijmenga út Feanwâlden. De yntinsjeferklearring foar de útfiering fan Better Wetter waard tongersdei ûndertekene troch de provinsje, de gemeente Dantumadiel, Wetterskip Fryslân, de Fryske miljeufederaasje, de Noardlike Fryske Wâlden, it Nordwin College en hegeskoalle Van Hall Larenstein.

Trefwurden: 
Better Wetter tuorrebout
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)