Harns is bliid mei rjochterlike útspraak oer bouplan-Ludinga

28 jan 2016 - 11:34

De gemeente Harns is bliid mei de útspraak fan de rjochter oer de saak-Ludinga. De gemeente en projektûntwikkeler Wopke Klaver stiene yn de saak oer de nije wenwyk Ludinga by Harns tsjinoer inoar. Foar de gemeente is it wichtich dat de rjochter oanjûn hat dat Harns by nije nijbouplannen binnen de stedsgrinzen net ôfhinklik is fan Klaver, mar sels plannen ûntwikkelje kin.

Klaver hâldt wol it rjocht om as iennige bouwe te meien yn Ludinga. By oare nijbouplannen yn de stêd kin de gemeente om Klaver hinne.

De rjochter hat boppedat útmakke dat Klaver alle kosten dy't de gemeente oant no ta makke hat, fergoedet. Hy hat dat foar in grut part al dien.

Wethâlder Harry Boon fan Harns wol de striidbile mei Klaver no graach begrave. Klaver hat oanjûn heger berop oan te tekenjen tsjin de útspraak. Neffens him wol de gemeente hielendal fan him ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)