CDA: "Lanlik team moat GHB-misbrûk breed oanpakke"

Ghb © ANP XTRA
De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer wol dat der in lanlik team komt mei minsken dy't wurkje mei GHB-ferslaafden. De fraksje makket him soargen oer de partydrug GHB, ûnder oare yn Fryslân. Neffens de fraksje binne de gefolgen fan it brûken fan de drug grut, mei om't jongerein yn keten der tefolle fan brûkt en dan út de tiid reitsje kin.
It lanlike team mei dêryn wykaginten, helpferlieners en minsken út it ûnderwiis, moat liede ta in brede oanpak fan it probleem. De moasje fan it CDA wurdt stipe troch de PvdA, SP en D66.