Talma State yn Heech moat nijbou mooglik útstelle

De sloop en nijbou fan Talma State yn Heech wurdt mooglik útsteld. Neffens eigener Elkien is de bewenners in alternatyf wenplak oanbean, mar guon minsken wolle yn Heech bliuwe. Dêrfoar wie in alternatyf betocht mei tydlike wenunits, mar dat is te djoer.
Elkien sil de bewenners net twinge om te ferhúzjen nei in oar plak. Dat betsjut dat de sloop foarearst net trochgean kin. Pas as it hûs hielendal leech is, wurde de sloopplannen trochsetten. Op it stuit stiet al in part fan Talma State leech. Der wenje no noch 29 minsken.