Wat is it bêste bedriuw fan gemeente It Bilt?

28 jan 2016 - 10:10
  • Faber Agracentrum
  • Faber Agracentrum

Nei in jier fan ôfwêzigens wurde dit jier de Biltske Undernimmersprizen wer útrikt. Dat bart tongersdeitejûn yn it doarpshûs fan Minnertsgea.

Transportbedriuw De Vries yn Minnertsga, de Expertwinkel fan Meijer yn Sint-Anne en Faber Agracentrum yn Sint-Jabik meitsje kâns op de priis. Der is ek in priis foar starters. De gadingmakkers dêrfoar binne: de webwinkel installatiekoopjes.nl, Plantinga oanhingweinen en CamperfiXX dat boupakket leveret om in buske ta kemper om te bouwen. Alle trije bedriuwen sitte yn Sint-Jabik.

De Biltske Undernimmerspriis bestiet sûnt 2012. Ferline jier gie it feest net troch, want doe kamen der te min nominaasjes binnen by de gemeente, dy't de ûndernimmerspriis organisearret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)