Grêftsmiters bliuwe fêst

De trije manlju dy't fertocht wurde fan besykjen ta deaslach op Aldjiersjûn moatte fan it Iepenbier Ministearje yn foararrest sitten bliuwe. De advokaten wolle dat de trije fertochten frijlitten wurde om thús de rjochtsaak ôf te wachtsjen. Dy is pas oer trije moanne.
It IM wol se fêsthâlde, want de trije soenen minsken yn de Ljouwerter grêft goaid hawwe, wêrnei't se de drenkelingen bestookten mei stiennen en fytsen.
De rjochter makket de kommende dagen bekend oft de trije wol of net nei hûs ta meie. Neffens de advokaten en de fertochten hawwe se gjin fytsen en stiennen goaid en hat de plysje de ferkearden oanholden