Jager oanhâlden op fertinking fan fergiftiging rôffûgels

28 jan 2016 - 08:41

It miljeuteam fan de plysje hat in jager út de gemeente Ferwerderadiel oanhâlden foar mooglik fergiftigjen fan rôffûgels. De man waard op 'e die trappearre yn it fjild. Dêr leine meardere deade rôffûgels en in fergiftige do dy't nei alle gedachten brûkt is om rôffûgels te lokjen. Yn de auto fan de man fûn de plysje in deade ein dy't nei alle gedachten ek fergiftige wie.

Yn de auto en yn de wenning fan de man waarden boppedat ferbeane munysje en ferbeane bestriidingsmiddelen fûn.

De fûgels wurde ûndersocht troch it Centraal Veterinair Instituut yn Lelystêd. Jagers fergiftigje rôffûgels omdat de fûgels lytse bisten lykas hazzen ite. Wat it motyf fan dizze oanhâlden jager krekt west hat, is ûnbekend.

Trefwurden: 
jager rôffûgel fergiftiging
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)