Snitser follybalsters winne krekt fan Alterno yn 'e beker

27 jan 2016 - 22:23
  • De Snitser follybalsters

De follybalfroulju fan Snits ha woansdeitejûn mei 3-2 wûn fan Alterno. It wie de kwartfinale fan it lanlike bekertoernoai. It wie in drege oerwinning foar de klup fan trainster Petra Groenland. Se kamen mei 2-0 yn sets (twa kear 25-23) achter te stean. De Snitser froulju twongen in fyfde set ôf nei twa kear 25-19 winst. Dy lêste set wie hiel spannend. Op it lêst wie Snits sterker troch op 21-20 it winnende punt te slaan.

De twadde wedstriid is op 3 febrewaris yn Apeldoorn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)