Unbekende Jopie Huisman dûkt op by Tussen Kunst en Kitsch

27 jan 2016 - 21:42

Yn Tussen Kunst en Kitsch binne twa ûnbekende wurken fan de skilder Jopie Huisman boppe wetter kaam. In frou naam se mei. De wurkjes wiene fan in freondinne fan har. De tekening is in portret en profyl fan de pleechbroer fan dy freondinne. De akwarel is in cowboy.

It telefyzjeprogramma wie opnommen yn it Jopie Huismanmuseum yn Warkum. De akwarel is taksearre op 3.500 euro, de tekening op 2.500.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)