Marit Bouwmeester docht goede saken yn Miami

Marit Bouwmeester waard yn 2015 sportfrou fan it jier © Delta Lloyd Images
Marit Bouwmeester fan Warten hat woansdei by de earste regatta foar de wrâldbeker 2016 yn Miami alle trije races yn de Laser Radial wûn. Se fiert nei fiif wedstriden it fjild oan mei fjouwer punten. Har sechsde plak op de iepeningsdei kin se skrasse.
De Belgise Evi van Acker stiet twadde mei acht punten, Lija Xu út Sina is tredde mei njoggen punten.