Qbuzz makket beswier tsjin gunning busferfier oan Arriva

27 jan 2016 - 20:40

Qbuzz makket beswier tsjin de gunning fan it busferfier yn Súdeast-Fryslân en de Waadeilannen oan Arriva. Fan desimber ôf soe dat bedriuw it busferfier yn dy regio fersoargje meie. Wêrom't Qbuzz dêr beswier tsjin makket, wol in wurdfierder net sizze.

De Súdeasthoeke is no noch yn hannen fan Qbuzz. Der wiene fjouwer gadingmakkers foar de konsesje. Troch it winnen fan de gunning hat Arriva it iepenbier busferfier yn hiel Fryslân yn hannen.

De provinsje stelt in subsydzje fan 50 miljoen euro beskikber foar fjouwer jier foar dizze konsesje.

Twadde Keamerleden hienen earder fraachtekens set by de dielname fan Qbuzz oan de gunning. It bedriuw is in folle dochter fan de NS. En krekt dat bedriuw is hurd op de fingers tikke oer fraude by in oanbesteging yn Limburch. Mei nei oanlieding dêrfan is ôfpraat dat de NS en Qbuzz har earst rjochtse sille op har kearntaak: it ferfier fan minsken oer it spoar.

De NS ferklearre dat it bedriuw meidie oan de konsesje yn Súdeast-Fryslân, omdat Qbuzz dêr no ek al rydt. En minister Jeroen Dijsselbloem fan finânsjes sei dêrop dat Qbuzz ek besykje mocht om oare regionale konsesjes te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)