Auto hinget boppe Ljouwerter grêft
In autobestjoerder yn Ljouwert is woansdeitemiddei flink skrokken, doe't de auto hast yn de grêft fan de Voorstreek bedarre. Omstanners koene foarkomme dat it hielendal misgong. De bestjoerder fan in buske koe in sleepkabel oan de auto fêstmeitsje en de auto wer in eintsje de kade op lûke. Wat der no krekt misgong, is noch net bekend.