Harlingen Promotion ropt help yn om mear toeristen te lûken

27 jan 2016 - 20:43

De stichting Harlingen Promotion wol mei de ynwenners en ûndernimmers útsykje wêr't Harns goed yn is. Harlingen Promotion wol graach noch mear toeristen nei de stêd lûke. Om dat te berikken siket de stichting de belangrykste skaaimerken fan de stêd. Dat soe bygelyks de funksje fan Harns wêze kinne as haven foar de fearboaten.

Op ynternet stiet in koarte enkête dy't ûndernimmers en ynwenners ynfolje kinne. De stichting Harlingen Promotion is it ûndernimmersfûns fan Harns. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)