Harnzers kinne fragen stelle oer útstjit ôffaloven

27 jan 2016 - 16:33

Yn Harns is woansdei in ynformaasjebyienkomst oer de ôffaloven. By it begjin om 16.00 oere wienen der sa'n 50 minsken. Dy koene fragen stelle oer de útstjit fan de ôffaloven. Tiisdei waard bekend dat in steuring yn de ynstallaasje der foar soarge hie dat yn oktober ferline jier fierstente folle dioksine yn de loft kaam is.

Meiwurkers fan ûnder oare Omrin en de GGD binne by de byienkomst yn Trebol om fragen fan omwenners te beäntwurdzjen. Net elkenien leaut dat it tefolle oan dioksine in ûngelok wie, sûnder gefolgen foar de folkssûnens.

Deputearre steaten prate nije wike oer mooglike konsekwinsjes fan de te hege dioksine-útstjit. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)