Mei dyn kop op de bus? De provinsje siket Friezen

27 jan 2016 - 16:04

De nije OV-kampanje 'Bisto it gesicht fan it Fryske busferfier' fan de provinsje Fryslân is woansdei begûn. Neffens deputearre Johannes Kramer is de bus fan elkenien foar elkenien. Dêrom moatte Friezen net allinne yn de bus, mar ek op de bus. De provinsje hopet dat 300 bekende en ûnbekende Friezen op de foto wolle.

Neist Kramer binne Syb van der Ploeg, Elske DeWall en Foppe de Haan al op de foto set. De foto's komme yn de foarm fan in Makkumer tegeltsje op in streekbus.

De earste Friezen binne woansdei op de foto set op It Hearrenfean. De fotobus komt ek noch yn Drachten en Harns. Ein 2016 ride dizze bussen troch Súdeast-Fryslân, op Flylân, It Amelân en Skylge.

Trefwurden: 
bus ferfier provinsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)