Caravana lûkt mear besikers as ferline jier
Kampearbeurs Caravana yn Ljouwert hat mei sa'n 48.000 besikers mear minsken lutsen as ferline jier. Doe kamen der 3.000 besikers minder.
De minsken kamen út it hiele lân wei. De organisaasje sjocht tefreden werom op de edysje fan dit jier. Mei 400 eksposanten koe der hast net ien mear by.