Publyk wolkom yn provinsjehûs

It Provinsjehûs is kommende sneon foar it earst iepen foar publyk. Minsken binne tusken 10 en 3 oere wolkom. Under oare de steateseal en de keamer dêr't deputearre steaten de gearkomsten hâlde, kinne besjoen wurde. Op sneon 12 maaie is der nochris in iepen dei.
De offisjele iepening is op 22 maaie. Dat docht Keninginne Beatrix en dy jûns is der in manifestaasje oer Fryslân yn 2040. In grut koar fan 2040 sjongers sil dy deis optrede. Sy binne drok oan it oefenjen ûnder lieding fan Anne Oosterhaven en Syb van der Ploeg.