Skuonwinkel Manfield fierder by Sacha

27 jan 2016 - 15:10

De fallite skuonwinkels fan Manfield sille fierder ûnder de wjukken fan skuonnesaak Sacha. De kuratoaren en de belutsen banken ha dêroer in oerienkomst tekene. It is net bekend hoefolle winkels en banen behâlden bliuwe. Yn Fryslân ha beide winkels ien fêstiging, beide yn Ljouwert.

Ein desimber waard Macintosh, dêr't ûnder oare Manfield ûnder foel, fallyt ferklearre. It fallite Scapino komt no by skuonwinkel Ziengs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)