Iepening fernijde Park Vijversburg no wer útsteld

Filla Vijversburg earder by de renovaasje © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
De fernijde Bosk fan Ypey, oftewol Park Vijversburg yn Tytsjerk giet net yn maaie iepen. De iepening wurdt foar de twadde kear útsteld om't it glêzen paviljoen neist de Villa Vijversburg noch net klear is. Pas as dat klear is, kin de tún dêromhinne oanlein wurde. Stichting Op Toutenburg wol pas in iepening as it hiele park klear is. Dêrom sette so no yn de moanne july.
Earder rûn de iepening fan it park ek al fertraging op, om't glêzen panielen net yn de goede maat levere wiene. De glêspanielen wurde spesjaal makke yn Sina en it duorre twa moanne foar't se der wiene. It glêzen paviljoen sit oan de opknapte filla Vijversburg fêst. It ûntwerp is makke troch arsjitekte Marieke Kums út Rotterdam en ferskate Japanske arsjitekten.