Krystgala ROC Friese Poort smyt 3.500 euro op foar goed doel

27 jan 2016 - 14:45

It krystgala fan studinten fan ROC Friese Poort yn Snits hat sa'n 3.500 euro opsmiten. It jild giet nei de stichting Make A Wish. Dizze stichting lit winsken fan slim sike bern útkomme.

Om it jild yn te sammeljen, ferkochten de studinten fan ROC Friese Poort hast 900 kaartsjes foar it krystfeest. Freed biede studinten de sjek oan de stichting Make A Wish oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)