Melkfeehâlders meie oer pear moanne weromkomme by de paus

27 jan 2016 - 14:25

It bestjoer fan it European Milk Board (EMB) mei oer in pear moanne nochris prate mei Paus Fransiscus. Dat seit Sieta van Keimpema dy't woansdei as vice-foarsitter fan it EMB by in koart petear mei de paus oanwêzich west hat.

It bestjoer bea de paus in koer mei 'faire molkprodukten' oan. Dat binne produkten makke fan molke dêr't in earlike priis foar betelle is. Dêrnei leine se him út wêrom't se foar in bettere situaasje foar Europeeske boeren stride.

Oanmoediging

Neffens Van Keimpema wie de paus sa posityf oer harren saak, dat se oer in pear moanne weromkomme meie foar in petear. Dat mei dan in oere duorje. '"We hawwe útlein dat der in soad jild fertsjinne wurdt oan molke, mar dat dat by grutte bedriuwen en supermerken terjochte komt yn stee fan by de boer. As dat sa bliuwt, hawwe boeren gjin takomst",  fertelt Van Keimpema. De paus seach it probleem en moedige it EMB oan om troch te gean mei de striid foar bettere omstannichheden. Troch de kardinaal waarden se útnûge om letter noch ris del te kommen.

Molke útdiele

It Faticaan wie al bekend mei de European Milk Board. Se keapje al langer earlike molke fan de Italiaanske ôfdieling fan it EMB. Dat diele se út oan dakleazen op strjitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)