Protte spotters by fleanbasis

16 apr 2012 - 17:30

De oefening Frisian Flag soarget dizze dagen foar in soad drokte op de spottersplakken by de fleanbasis Ljouwert. Foar de leafhawwers komme der in soad nijsgjirrige tastellen foarby.

Jachtfleantugen út ferskate lannen oefenje oant en mei 27 april fan de basis yn Ljouwert ôf. Dat dogge se om better ynsetber te wêzen as help by grûntroepen by missys yn it bûtenlân lykas yn Afganistan en Libië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)