Gemeente: "Twahûndert flechtlingen is tefolle foar Wommels"

27 jan 2016 - 12:55
  • It gebou fan Resi yn Wommels

De gemeente Littenseradiel tinkt dat twahûndert flechtlingen te folle is foar in doarp as Wommels. It gebou fan meubelwinkel Resi yn it doarp is yn byld foar de opfang. De eigener hat syn leechsteande winkel oanbean oan it COA. Dy wol dêr 200 of mear minsken tydlik ûnderbringe. Neffens boargemaster Liemburg tinkt de gemeente oan opfang foar 100 oant 150 minsken.

Op de webside fan Littenseradiel skriuwt de gemeente dat der noch neat besletten is. Nije wike moandei is yn it gemeentehûs yn Wommels in 'rûntepetear'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)