Needplan foar as neisoarch ljipaaisykjen ek ophâldt

27 jan 2016 - 12:27

Der leit in needplan foar it gefal dat fûgelwachten net mear it fjild yn wolle om nêsten en de pykjes te registearjen troch it ferbod op ljipaaisykjen. Dat seit foarsitter Ale de Vries fan gebietsplatfoarm foar agrarysk natuerbehear Lege Midden.

Boeren krije jild om oan natuerbehear te dwaan, bygelyks om it de greidefûgels nei it sin te meitsjen. Sy kinne dêrby net sûnder fûgelwachters. Dy registrearje oft boeren nêsten op it lân hawwe, oft der piken útkomme en wat der mei dy piken bart. Dêr wurde de boeren dan op ôfrekkene.

De Vries giet derfan út dat de oanpak bliuwt, mar hy sjocht wol nei alternativen. De lanlike organisaasje Sovon Vogelonderzoek soe bygelyks frege wurde kinne om meiwurking. De boeren soene sels ek in netwurk fan frijwilligers opsette kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)