Flechtlingebern nei middelbere skoalle yn Bûtenpost

27 jan 2016 - 11:22
  • (stockfoto)

Trettjin flechtlingebern út de needopfang yn Kollumeroard krije de kommende tiid ûnderwiis op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost. De middelbere skoalle stelt dêrfoar twa lokalen beskikber.

De lessen sels wurde fersoarge troch skoallemienskip Piter Jelles, mar dy hat gjin romte foar de bern. De lessen fine oant 25 maart plak yn Bûtenpost.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)