Reedrydploech fan Manon Kamminga moat nije sponsor sykje

Manon Kamminga fan it team-Stressless © Neeke Smit
Stressless, de haadsponsor fan it reedrydteam fan Manon Kamminga, hâldt oan de ein fan it seizoen op. It bedriuw seit dat it doel fan de sponsoraktiviteiten berikt is, nammentlik mear bekendheid fan it bedriuw.
Bart Veldkamp, de manager fan it reedrydteam, fynt it spitich dat Stressless dermei ophâldt. It team moat no op syk nei in oare haadsponsor. Njonken Kamminga ride ûnder oaren Jan Blokhuijsen, Bart Swings, Brittany Bowe en Joey Mantia foar Team Stressless.