Ljouwert hâldt koade read

16 apr 2012 - 17:08

De binnenstêd fan Ljouwert hâldt koade read yn it nijste rapport mei de feilichheidssifers fan de gemeente. Benammen de drugsoerlêst bliuwt grut, mar ynbraken en fandalisme binne ek in probleem.

De feilichheidsyndeks foar Ljouwert lit ek sjen dat yn de wiken Skieringen en de Skepenbuert de oerlêst troch jongerein en drugs tanimt. Der is ek soarch oer it tal ynbraken. De doarpen Wurdum en Swichum wurde omskreaun as tige feilich. Yn in grut tal Ljouwerter wiken is de feiligens ferbettere.

De feilichheidsyndeks is in kombinaasje fan sifers fan de plysje en gefoelens fan ûnfeiligens dy't boargers yn enkêtes oanjûn hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)