Waadferiening en Fier Fryslân krije jild op Goededoelengala

De Waadferiening en Fier Fryslân hawwe tiisdeitejûn op it Goededoelengala fan de Nationale Postcodeloterij in finansjele bydrage krigen. De Waadferiening krige in sjek fan fiif ton. Fier Fryslân kriget ek finansjele stipe. It sintrum tsjin berne- en minskehannel (CKM) fan Fier kriget de kommende fiif jier alle jierren in heal miljoen euro. Mei dat sintrum striidt Fier Fryslân tsjin berne- en minskehannel.
Natuermonuminten krige yn totaal 1,9 miljoen euro. Dat jild wurdt ûnder oare brûkt foar de natuer op Skiermûntseach en it Fochtelerfean. De twa gebieten wurde de kommende jierren tagonkliker makke foar minsken mei in fysike beheining. Sa komme der mear parkearplakken en húskes en wurde obstakels lykas stekken en wyldroasters safolle mooglik fuorthelle.
It Goededoelengala fan de Nationale Postcodeloterij waard tiisdeitejûn hâlden yn Carré yn Amsterdam. De Amerikaanske akteur George Clooney wie de haadgast. Hy krige sels ek jild foar syn helpynstânsje.