"Bern krije tradysje fan aaisykjen en soarch net mear mei"

Aaisykster Jinke Kuperus út Wurdum is teloarsteld oer it beslút fan de provinsje dat dit jier gjin ljipaaien meinaam wurde meie. Benammen om't de bern de tradysje fan it aaisykjen en neisoargjen sa net mear meikrije. Sels sil Kuperus dit jier gewoan it lân yn om oan neisoarch te dwaan. Kuperus learde it aaisykjen fan har heit. Dy naam har al mei it lân yn doe't se twa jier âld wie.
Kuperus sjocht ek dat de ljippestân weromrûn is, mar se hat ek hûnderten ljippen rêden. De aaien binne útbret yn in briedmasine en de piken wer útset.
De aaisykster tinkt net dat it meinimmen fan ljipaaien ea noch wer tastien wurdt.