Drugsferkeaper klemriden nei achterfolging yn Ljouwerter wyk

© ANP
De plysje hat tiisdeitemiddei in drugsdealer klemriden nei in achterfolging troch de wyk Aldlân yn Ljouwert. De man, in 23-jierrige Ljouwerter, hie op de Sixmastrjitte yn Ljouwert út syn auto wei kokaïne ferkocht oan in harddrugsbrûker. Plysjeminsken seagen dat en setten de achterfolging yn. Yn Aldlân rieden se de auto klem. De bestjoerder besocht noch rinnendewei út te naaien, mar hy rûn krekt yn de earms fan in plysjeman.
Yn de auto fan de fertochte fûn de plysje achttjin boltsjes en stikjes kokaïne en heroïne. Dat is yn beslach naam.