Learlingen Friese Poort bouwe sinnepontsje foar Harns

De plannen foar in sinnepontsje yn Harns gean definityf troch. B. en w. hawwe finansjele stipe tasein fan 13.500 euro. Dêrtroch kin op koarte termyn de bou fan it pontsje úteinsette. Learlingen fan ROC Friese Poort meitsje it pontsje dat op sinne-enerzjy draaie moat. Doel is dat it pontsje fan de Willemskade nei de Suderpier fart, en op fersyk ek nei de Sassteiger en werom.
De inisjatyfnimmers hoopje dat it pontsje yn de simmer fan 2017 farre kin, yn oanrin nei de Tall Ships Races fan 2018 yn Harns.