Aris troch nei heale bekerfinale

26 jan 2016 - 22:38

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat him foar de tredde kear yn de histoarje pleatst foar de heale finale fan de beker. Yn in útferkochte sporthal yn Katwyk waard it tsjin Grasshoppers, dat in klasse leger spilet, 91-71 foar de Ljouwerters. Nei it earste kwart stie Aris op in lytse efterstân tsjin de klup út de promoasjedifyzje, mar by rêst wie der in lytse foarsprong.

Nei it tredde kwart wie it spannend by in stân fan 63-70. Dêrnei kaam de ploech fan coach Michael Schuurs lykwols net mear yn 'e problemen.

Enzo Swart wie mei 20 punten de tûkste Aris-skutter. De tsjinstanner yn de heale finale is lânskampioen Den Bosch.

Trefwurden: 
basketbal Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)