Gebou Resi yn Wommels yn byld foar flechtlinge-opfang

26 jan 2016 - 22:13

It eardere gebou fan wensintrum Resi yn Wommels is by it COA yn byld as mooglike lokaasje foar it tydlik húsfestjen fan flechtlingen. Dat skriuwe b. en w. fan Littenseradiel yn in brief oan de buertbewenners. It COA hat it gebou al besjoen en dêrút de konklúzje lutsen dat it gebou 'mooglikheden biedt' foar it ûnderbringen fan flechtlingen.

De gemeente skriuwt derby dat der noch neat besletten is. Nije wike moandei is der yn it gemeentehûs fan Wommels in 'rûntepetear' oer it opheinen fan flechtlingen en statushâlders yn de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)