Fytser (85) út Wytmarsum stjert dei nei ûngelok

26 jan 2016 - 21:14

De fytser (85) út Wytmarsum dy't moandei yn syn wenplak earnstich ferwûne rekke nei in oanriding, is tiisdei yn it sikehûs yn Grins oan syn ferwûnings ferstoarn. Dat hat de plysje bekend makke. De man kaam op de Van Aylvawei yn syn wenplak yn botsing mei in auto, dy't bestjoerd waard troch in Koudumer (45). De man waard troch de traumahelikopter nei it UMCG brocht.

Ferkearsspesjalisten fan de plysje hawwe de tadracht fan it ûngelok ûndersocht. De plysje giet út fan in needlottich ûngelok. De man soe ynienen oerstutsen wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)