Tûzenste lid foar Ljouwerter reedrydskoalle 11S

De Ljouwerter reedrydskoalle 11S kin hast net mear fierder groeie. Der binne troch de wike noch mar in pear plakjes frij yn de lesoeren. Yn 'e wykeinen is hielendal gjin plak mear. Dat seit Elly Tasma, de koördinator fan de reedrydskoalle.
Tiisdei waard it tûzenste lid fan 11S, Hester Runhart, yn it sintsje set. Ferline jier hie de reedrydskoalle fan de Elfstedenhal yn Ljouwert noch sa'n 750 leden, yntusken is dat oantal groeid oant tûzen. Der jouwe op sneon, de drokste dei, tolve reedrydtrainers les by 11S.