Omwenners easkje dat gemeente wurk Europaplein stilleit

26 jan 2016 - 20:34

As it nedich is kin de gemeente Ljouwert yn juny de fontein en it gersfjild fan it Europaplein sa yn âlde steat werstelle, krekt as is der neat bard. Dat sei de Ljouwerter projektlieder Harrie Oppewal tiisdei op in spoedsittting by de Rie fan Steat yn Den Haach. Omwenners en it Ljouwerter Eurohotel easken dêr dat it wurk oan it Europaplein fuortendaliks stillein wurdt.

Ek fregen se om in blokkade fan alle fierdere wei- en rotondewurksumheden oan it plein oan de Rie fan Steat, dy't yn juny in einútspraak docht yn de saak.

Grou geweld

Neffens de feriening fan eigeners fan de Euroflat en it Eurohotel walst de gemeente Ljouwert mei grou geweld oer it kultuerhistoaryske Europaplein. Sy wolle dêrom dat de gemeente dêr fuortendaliks mei ophâldt. "De gemeente besiket no yn sân hasten in turborotonde oan te lizzen, omdat Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd is. Mar wêrom kiest de gemeente yn 'e goedichheid foar mear romte foar de auto yn plak fan behâld fan in wichtich kultuerhistoarysk monumint?" Dat sei Franke Doting, de advokaat fan de beswiermakkers, tiisdei foar de Rie fan Steat.

Boaiemproseduere

De gemeente Ljouwert ferklearre foar de Rie fan Steat it wurk oan it Europaplein graach sa gau mooglik dien te meitsjen. De gemeente is hastich, omdat oars de kâns bestiet dat in subsydzje foar it projekt ferlern giet. De Rie fan Steat docht uterlik binnen trije wike útspraak yn de spoedsaak. De boaiemproseduere tsjinnet yn maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)