Bas Dost mooglik nei Wolfsburg

16 apr 2012 - 16:51

SC Hearrenfeanspiler Bast Dost is yn ûnderhanneling mei in Dútske ploech. Dat seit syn saakwaarnimmer Henk Nienhuis. Dost is snein ôfreizge nei München en hat dêr in petear hân mei in klup. Nienhuis wol net befestigje om hokker klup it giet, mar neffens oare media giet it om Wolfsburg.

Dost hat in klausule yn syn kontrakt dat er takom seizoen fuort mei foar in bedrach fan sa'n 7,5 miljoen euro. Neffens Nienhuis binne der in soad klups dy't ynteresse hawwe yn de topskoarder fan de earedivyzje. Dost is topskoarder yn Nederlân mei 28 goals.

Bast Dost hat noch in kontrakt oant en mei 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)