Provinsje: "Dioksine-útstjit REC te heech fanwege steuring"

26 jan 2016 - 17:00
  • De ôffaloven yn Harns

De fierstenste hege dioksine-útstjit út de ôffalferbrâningsoven yn Harns, op 1 en 2 oktober 2015, is feroarsake troch in steuring yn de ynstallaasje. Dat hawwe de provinsje en de gemeente Harns tiisdei bekend makke. Tagelyk is dêrby sein dat der gjin gefaar west hat foar de folkssûnens. Dat soe bliken dwaan út ûndersyk troch sûnensorganisaasje GGD.

Begjin oktober siet der in ferstopping yn de ôffaldosearring fan de REC. Gefolch wie dat smeulend ôffal op it ferbrâningsroaster telâne kaam mei in ferhege dioksine-útstjit as gefolch.

De provinsje en de gemeente Harns wolle no in ferfolchûndersyk dêr't út blykt hoe’t de ferhege útstjit krekt plakfûn hat. Woansdeitemiddei is der fan fjouwer oere middeis oant sân oere jûns in ynformaasjemerk yn Trebol yn Harns. Dêr kinne belangstellenden fragen stelle oer de útkomsten fan it GGD-ûndersyk nei de te hege dioksine-útstjit fan oktober foarich jier.

Konsekwinsjes

Deputearre steaten prate nije wike oer mooglike konsekwinsjes fan de te hege dioksine-útstjit. Mar no stiet al fêst dat deputearre Michiel Schrier en wethâlder Harry Boon fan Harns Omrin mei klam freegje sille hoe't it bedriuw tinkt om sa'n fierstente hege útstjit yn de takomst te foarkommen.

Struktureel ûndersyk

De gemeente Harns en de provinsje Fryslân binne al in skoft dwaande mei struktureel ûndersyk nei de útstjit fan dioksines, furanen en PCB's troch de REC. Sûnt augustus wurdt alle moannen in tuskentiidske mjitting publisearre. Yn de moannen augustus, septimber, novimber en desimber binne gjin ôfwikings konstatearre. 

Lês ek it parseberjocht oer de te hege dioksine-útstjit. 
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)