Harns krijt der in farrûte by nei de Frjentsjerter Feart

De Tsjerk Hiddes slûzen yn Harns © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Harns krijt der dit jier in farrûte by. Troch de dûker oer De Rie te ferfangen troch in brêge, kinne lytsere boaten fan it Van Harinxmakanaal tenei nei de Frjentsjerter Feart farre. De brêge krijt in trochfarhichte fan 1 meter 70 en in breedte fan fjouwer meter. De brêge wurdt yn twa etappes pleatst, sadat ferkear der safolle mooglik lâns kin.
It wurk moat yn septimber klear wêze.