Finansjele helpaksje foar dielname kok Smink oan Bocuse d'Or

Jan Smink by de Nederlânske finale fan de Bocuse d'Or © ANP
Bocuse d'Or Nederlân is in crowdfundingsaksje begûn foar topkok Jan Smink fan Wolvegea. Sawol bedriuwen as partikulieren kinne de kok en syn team finansjeel helpe. Earst moat Smink nei Boedapest foar de Europeeske finale fan de itensiederswedstriid. As er dêr goed prestearret, mei er nei de wrâldfinale yn Lyon.
Yn 2015 mocht Smink ek útkomme yn de wrâldfinale. Doe helle er it njoggende plak, it heechste plak ea foar Nederlân by de Bocuse d'Or.