De plysje kin saboteur fan Jouster útkyktoer net fine

De útkyktoer mei de losse flierplaat sichtber © Martin de Jong
De plysje is der net yn slagge in dieder te finen fan it losdraaien fan in roaster yn de útkyktoer fan De Jouwer. In 14-jierrich famke rekke swierferwûne, doe't se troch it losse roaster njoggen meter nei ûnderen foel. Foar it finen fan in dieder binne temin spoaren fûn. De plysje is der nei it ûndersyk ek net hielendal wis fan dat it roaster mei opsetsin losmakke is, mar neamt dat wol heechst wierskynlik.
Omdat der gjin dieder fûn wurde kin, nimt de gemeente De Fryske Marren as eigener fan de toer de oanspraaklikheid op him.
Dat betsjust dat de gemeente in finansjele regeling mei it famke treft. "Wij zullen dit ook financieel zorgvuldig afhandelen met de familie", sa lit de gemeente witte. Neffens boargemaster Veenstra sil it ûngelok mei de útkyktoer foar de famylje in libbenslange herinnering bliuwe.