Jorrit Bergsma mist it WK allround yn Berlyn

26 jan 2016 - 10:41

Jorrit Bergsma giet net nei it WK allround yn Berlyn. Bergsma hope noch op in oanwiisplak op de 1500 meter yn Stavanger, sadat hy noch meistride koe foar in plak op it WK, mar dat plak krige hy net. Hy rydt no allinnich de 5000 meter by de wrâldbekerwedstriid.

Yn Stavanger wurdt it kommend wykein striden om de lêste tickets foar it WK allround. Douwe de Vries en Arjan Stroetinga stride mei Patrick Roest yn in klassemint oer 1500 en 5000 meter foar it lêste plak. Wis fan dielname oan it WK binne Sven Kramer en Jan Blokhuijsen.

By de froulju hawwe Ireen Wüst en Antoinette de Jong har pleatst foar it WK. Foar it lêste plakje stride yn Stavanger Linda de Vries, Marije Joling en Annouk van der Weijden yn in klassemint oer 1500 en 3000 meter.

De wrâldbekerwedstriid yn Stavanger is ek foar de sprinters noch belangryk. De bêste twa riders op it NK sprint binne pleatst foar it WK sprint yn Seoul. It tredde plak is yn Stavanger te fertsjinjen. De nûmers trije oant en mei fiif fan it NK sprint ride yn Stavanger twa kear in 500 en twa kear in 1000 meter. Dat giet om Margot Boer, Anice Das en Janine Smit by de froulju en om Gerben Jorritsma, Jesper Hospes en Pim Schipper by de manlju. De winners fan it klassemint meie nei it WK.

Kjeld Nuis hoecht allinnich mar in 500 meter te riden yn Stavanger en dêrmei makket hy ek noch kâns op in plak op it WK. Dat jildt ek foar Jorien ter Mors, sy wie fia it NK-ôfstannen al pleatst foar de wrâldbekerwedstriid.

Sanneke de Neeling, Marrit Leenstra, Kai Verbij en Ronald Mulder binne fia it NK sprint al wis fan it WK sprint

De ploech foar de ISU wrâldbeker in Stavanger sjocht der dan sa út:

Froulju:
2x 500 meter: Jorien ter Mors, Margot Boer, Anice Das, Janine Smit en Floor van den Brandt.
2x 1000 meter: Marrit Leenstra, Margot Boer, Anice Das, Janine Smit en Jorien ter Mors.
1500 meter: Marrit Leenstra, Marije Joling, Ireen Wüst, Annouk van der Weijden en Linda de Vries.
3000 meter: Marije Joling, Ireen Wüst, Annouk van der Weijden, Linda de Vries en Irene Schouten.

Manlju:
1e 500 meter: Kai Verbij, Gerben Jorritsma, Pim Schipper, Jesper Hospes en Ronald Mulder.
2e 500 meter: Kai Verbij, Gerben Jorritsma, Pim Schipper, Jesper Hospes en Kjeld Nuis.
2x 1000 meter: Kjeld Nuis, Gerben Jorritsma, Pim Schipper, Jesper Hospes en Kai Verbij.
1500 meter: Kjeld Nuis, Thomas Krol, Douwe de Vries, Patrick Roest en Arjan Stroetinga.
5000 meter: Jorrit Bergsma, Sven Kramer, Douwe de Vries, Patrick Roest en Arjan Stroetinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)